<SKERM> JA NEE

Oer it ûnderwerp Kleurflits

It is maklik kleuren te identifisearjen. Read, Blau, Grien, ensfh. Docht bliken dat it wat dreger is as jo in kleurwurd in in oare kleur werjaan

  • In Kleurflits module sil hieltyd wer in searje fan 8 wurden, dy't kleuren fertsjintwurdigje, in ferskate kleuren flitse.
  • De mooglike kleuren binne Read, Giel, Grien, Blau, Maginta en Wyt.
  • Der binne ek in Ja-knop en in Nee-knop op 'e module.
  • Mar ien fan de Ja en Nee knoppen hoecht yndrukt te wurden om de module út te skeakeljen, mar moat op it juste momint yndrukt wurde neffens de regels hjirûnder.
  • De kleur fan it lêste wurd bepaalt hokker groep regels hjirûnder brûkt wurde moat.
  • Folgje de regels fan 'e boppeste regel, omleech nei de ûnderste regel foar it blok dat jild foar dyn module.
De kleur fan it lêste wurd yn 'e searje is Read:
As Grien teminsten trije kear as it wurd brûkt wurdt yn 'e searje, druk dan op Ja tidens de tredde kear yn 'e searje dat Grien brûkt wurdt as it wurd de kleur.
Oars, as Blau presys ien kear as de kleur fan it wurd brûkt wurdt, druk dan op Nee as it wurd Maginta fertoant wurdt.
Oars, druk op Ja de lêste kear yn 'e searje dat Wyt it wurd of de kleur is.
De kleur fan it lêste wurdt yn 'e searje is Giel:
As it wurd Blau yn 'e Griene kleur, druk dan op Ja tidens de earste kear dat Grien brûkt wurdt as de kleur fan it wurd.
Oars, as it wurd Wyt fertoant wurdt in Wyt of Read, druk dan op Ja tidens de twadde kear yn 'e searje wêr't de kleur fan it wurd net oerienkomt mei it wurd sels.
Oars, tel it oantal kearen yn 'e searje dat Maginta brûkt wurdt as ofwol it wurd, ofwol de kleur fan it wurd (it wurd Maginta yn 'e kleur Maginta telt inkeld as ien), en druk op Nee tidens de kleur yn 'e posysje fan it totaal (bgl. in totaal fan 4 betsjut de fjirde kleur yn 'e searje).

Fuortsetting fan foarige tabel...

De kleur fan it lêste wurd yn 'e searje is Grien:
As deselde wurden efterinoar foarkomme mei ferskillende kleuren, druk dan op Nee tidens de fyfde fermelding yn 'e searje.
As Maginta temisten trije kear yn é searje as de kleur brûkt wurdt, druk dan op Nee tidens de earste kear yn 'e searje dat Giel brûkt wurdt as it wurd of de kleur fan it wurd.
Oars, druk op Ja as de kleur fan it wurd net oerienkomt mei it wurd sels, makket net út hokker.
De kleur fan it lêste wurd yn 'e searje is Blau:
As de kleur fan it wurd trije kear of mear net oerienkomt mei it wurd sels, druk dan tidens de earste kear yn 'e searje wêr't de kleur fan it wurd net oerienkomt mei it wurd sels.
As de kleur Read yn 'e Giele kleur fertoant wurdt, of it wurd Giel yn' e wite kleur, druk dan op Nee as it wurd Wyt fertoant wurdt yn 'e Reade kleur.
Oars, druk op Ja tidens de lêste kear yn 'e searje dat Grien brûkt wurdt as it wurd of de kleur fan it wurd.
De kleur fan it lêste wurd yn 'e searje is Maginta:
As deselde kleuren efterinoar foarkomme mei ferskillende wurden, druk dna op Ja tidens de tredde fermelding yn 'e searje.
As it oantal kearen dat it wurd Giel foarkomt grutter is dan it oantal kearen dat de kleur fan it wurd Blau is, druk dan op Nee tidens de lêste kear dat it wurd Giel foarkomt yn é searje.
Oars, druk op Nee tidens de earste kear yn 'e searje wêr't de kleur fan it wurd oerienkomt mei it wurd fan 'e sânde fermelding yn 'e searje.
De kleur fan it lêste wurd yn 'e searje is Wyt:
As de kleur fan it tredde wurd oerienkomt mei it wurd fan it fjirde of fyfde wurd, druk dan op Nee de earste kear yn 'e searje dat Blau brûkt wurd as it wurd of de kleur fan it wurd.
As it wurd Giel yn 'e Reade kleur fertoant wurdt, druk dan op Ja tidens de lêste kear dat Blau brûkt wurd as de kleur fan it wurd.
Oars, druk op Nee.